Kolleezjetour mei Arno Brok

Freedtejûn 22 maart wie Arno Brok, de kommissaris fan’e kening fan Fryslân, ús gast bij de kolleezjetour yn grand café Ut en Thus.
Brok waard troch Pyt Nauta meinaam en befrege , fan it paad as lyts jonkje fan Leerdam, nei de provinsje Fryslân as kommissaris. It wie in bysûnder moaie jûn, wêr at we getúge wienen. In persoanlike ferhaal, de ferbyntenis mei Fryslân en in ynsjoch mei de ferantwurdlikheden en wurkwike fan de kommissaris fan de kening. As Nut kinne we stelle, dat we te krijen ha mei in hiel belutsene en geweldige ambassadeur foar Fryslân!